Optredens
De Koffer - muzyktéater mei Jan Arendz, Frans Douwe Slot, Famke Anne van der Mark en iksels. Yn desimber 2024 spylje we rûnom yn Fryslân. Sjoch ek ûnder it kopke Téater en op www.samar.frl.
Oerke Klassyk - fan Pergolesi oant Piazzolla
Tegearre mei Nadine Blaak op piano en Famke Anne van der Mark as ballerina fersoargje wij mei Oerke Klassyk in hearlik tagonklik en fariearre programma fan in oere. Mei hjiryn pareltsjes fan Pergolesi, Beethoven, Grappelli en Piazzolla en mei ballet as ekstraatsje. Lyts en kwetsber, fleurich en licht of grut en krêftich. It komt allegearre foarby.
Dit programma stiet no efkes op in leech pitsje troch de produksje fan De Koffer mar wat is it fijn dat wy dit al sa faak diele mochten:
- 28 april 2024: De Groate Kerk Sint Jabik We ha hearlik spile en dûnse op dizze prachtige lokaasje. En dat fertaalde har werom yn hiele waarme reaksjes fanút it publyk.
- 9 maart 2024: Skierstins Feanwâlden Een moai yntym konsert yn de prachtige Skierstins wêr it publyk mei kearsljocht troch de poarte wolkom hiten waard.
- 18 febrewaris 2024: Klameare Warkum Wat hearlik om te spyljen foar mar leafst 80 harkers. En it bliuwt bysûnder om nei ôfrin te hearren dat minsken echt rekke binne troch guon stikken.
- 1 july 2023: Grutte Tsjerke yn Drachten tidens de iepening fan de simmereksposysje. Fan de organisaasje: "...violiste Teke Hettinga en pianiste Nadine Blaak speelden de sterren van de hemel. ...elk blokje eindigde met een prachtig optreden van ballerina Famke Anne van der Mark. ...het was groots Klassiek in een kleine Grote Kerk."
- 23 april 2023: Wite Tsjerkje Himrik En ek yn Himrik in moai fulde tsjerke. En wat ha wy in soad hertferwaarmjende reaksjes krigen!
- 19 maart 2023: Posthûs Teater It Hearrenfean Slagge premiêre yn in folle seal mei enthûsiast publyk!
--
Muzyk docht, at it goed is, eins altyd wat mei emoasjes en dat is foar mij bij optredens hiel wichtich. Mei moai fioelspyljen kinsto minsken djip reitsje en herten iepenje, ek bij dysels! Dat kin in pear triennen opleverje mar ek faak makket it fleurich of set it it tinken efkes stil. It is my sa stadich oan wol dúdlik wurden dat dat allinnich mar sa wurket atst as musikus der sels dyn gefoel yn doarst te lizzen. Dat makket muzykmeitsjen hiel bysûnder. En at dan nei ôfrin fan in optreden minsken dy efkes oansprekke om te sizzen dat se it prachtich fûn ha, dan wit ik dat ik it goed dien ha. Ik krij dan ek in hiel soad enerzjy fan it publyk werom. Nei sokke optredens bin ik faaks noch oeren oan it “neistuiterjen” en dan de dei dêrnei lekker rêstich en foldien.
werom