Teater
Teater hat altyd myn interesse hân en dat bliuwt. Nei alle foarstellings foar en mei bern, bin ik in pear jier lyn begûn mei de tarieding foar muzykfoarstelling 'De Koffer'. In nije foarstelling mar dan foar folwoeksenen.
De Koffer. Wat foar talinten, dreamen en ferwachtings sitte deryn? En wat litst dêrfan oan de bûtenwrâld sjen?
De Koffer is in waarm en humorfol ferhaal oer passy. We sjogge in mearkeswrâld en ek de wrakseling mei de ûnwissens fan prestaasje en ferwachtings. En de ynfloed fan de omjouwing. It giet wat oars as ferwachte. Is it slim ast net hielendal it bêste út dysels hellest? De Koffer is in Frysktalige foarstelling wêryn klassike muzyk, ballet en toaniel in ienheid fan byldzjend muzykteater wurden binne. Mei prachtige dûns op hearlik tagonklike klassike muzyk sa as de Mondscheinsonate fan Beethoven en de Notenkraker fan Tchaikovsky.
Tegearre mei Jan Arendz, Frans Douwe Slot en Famke Anne van der Mark spylje ik De Koffer kommende desimber en jannewaris rûnom yn Fryslân:
- 7 desimber 2024 20.00 oere Balk, try-out - kaarten
- 8 desimber 2024 14.30 oere Snits, premjêre - kaarten
- 14 desimber 2024 20.15 oere Stiens - kaarten
- 15 desimber 2024 15.00 oere Nes - kaarten
- 20 desimber 2024 20015 oere Frjentsjer - kaarten
- 21 desimber 2024 20.00 oere Himrik - kaarten
- 28 desimber 2024 20.00 oere Mantgum - kaarten
- 29 desimber 2024 15.30 oere Sint Jabik - kaarten
- 3 jannewaris 2025 20.30 oere Lemmer - kaarten
- 4 jannewaris 2025 20.15 oere It Hearrenfean - kaarten
Mear ynformaasje is te finen op www.samar.frl.
Om ien en oar organisatorysk mooglik te meitsjen, bin ik sûnt 2022 artistyk lieder fan de Stichting Samar.
werom