Oplieding
Nei it VWO op de RSG yn It Hearrenfean, keas ik foar Milieuhygiëne oan de Universiteit van Wageningen. Nêst dizze stúdzje studearde ik fioel bij Dick Blokbergen en spile ik yn allerhande orkesten. Ik wie ûnder oare konsertmaster fan it studintenorkest yn Wageningen en toerde mei it Nederlâns studintenorkest lâns hast alle grutte konsertsealen fan Nederlân. Letter spile ik mei yn it Nederlâns Sinfonietta wêr’t ik ek orkestsjef fan west ha. Fioel en stúdzje wie in prachtige kombinaasje.
Nei myn ôfstudearen rekke ik blesseard wêrtroch ik lange tiid net fioelspylje koe. Troch it grutte gemis kaam it besef dat fioelspyljen foar mij fan essinsjeel belang is. Nei de blessure gong ik wer folop fioellessen folgjen en ferdjippe ik mysels yn it lesjaan. Lesjaan en optrede waard in hieltiid gruttere, semy-professioniele hobby. Yn dy tiid ha ik it beslút nommen om myn fêste baan op te sizzen om as selsstannich fioeliste wurkjen te gean nêst ús gesinslibben. Fanôf dat momint ha’k yn dieltiid oan it konservatorium studeard en myn ûndernimming as fioeliste foarmjûn.
Letter folge ik sa no en dan fioellessen bij Eva Stegeman en Sarah Kapustin om mysels ûntwikkeljen te bliuwen. Dêrneist ha ik de kursussen 'Musiceren, studeren en het brein' en 'On performing and auditioning' fan Wieke Karsten (www.wiekekarsten.nl) folge. Fierders bin ik lid fan de Nederlânse feriening fan strikersdosinten (ESTA) en fan Huismuziek (vereniging voor samenspel en instrumentenbouw). Yn it tiidskrift fan de ESTA ha ik ûnder oaren in artikel publisearre oer linkshandich fioelspyljen foar linkshandigen.
werom