Optredens en teater
Fan hûs út hie ik al it ien en oar meikrigen fan teater en yn Weidum waard dat al gau mear. Ik ha as fioelist meispile yn it Iepenloftspul fan Jorwert en ik wie aktyf bij it Berne-Iepenloftspul fan Easterwierrum.
Sels ha ik twa bernefoarstellings produsearre en spile. De earste wie Ritmo en Melodietje. Dat wie in foarstelling mei cello en fioel foar de jongste groepen fan de basisskoalle. Marjon Minderhoud en ik spilen ûnder oaren fia Uurcultuur fan Keunstwurk en it Kultuermenu fan de gemeente Littenseradiel foar tûzenen bern. Letter ha ik mei Peter Sijbenga de Fryske foarstelling Flinter makke. En ek dizze foarstelling hat wer tûzenen bern de fioel en klassike muzyk belibje litten.
Dêrnei ha ik myn teaterûnderfining brûkt om op de Tjongerskoalle yn Mildaam in foarstelling (muzykteater) mei groep 8 te meitsjen.
Neist de optredens mei de bernefoarstellings, ha ik in ferskaat oan orkestprojekten en solo-optredens dien. Sa ha ik bijgelyks meispile yn it orkest Nootstroom wêrmei we yn 2018 û.o. in konsert mei Stichting koorprojekt Opus fersoargden yn het Concertgebouw yn Amsterdam en mei in Operagala ûnderdiel wiene fan Kulturele Haadstêd LF2018.
Mei Sytse Haima ha ik in pear jier it duo Mucifer hân. Mei gitaar, fioele en sang brochten wij foaral folkmuzyk bij diners, resepsjes en oare gelegenheden.
werom