Sa’t it begûn
Ik bin berne yn 1973 yn Aldehaske. As fjouwerjierrige dartel begûn ik myn heit en mem derfan te oertsjûgjen dat ik fioelspylje woe. En hoe lyts ik ek wie, dat beslút stie fêst: ik soe fioelspylje! Op myn achtste kriich ik myn earste fioel en gong ik op les op ‘e muzykskoalle op ‘e Jouwer. Myn mem brocht my, breide in pear priemmen ûnder de les en dan gongen wij wer nei hûs. En dan thús fansels hiel hurd oefenje.
Dat lêste foel eins best wol tsjin, safolle oefene ik net want ik mocht ek sa graach bûten boartsje, mei bisten omsjouwe en oare dingen dwaan. En ach, op les gong it dochs wol goed want it die bliken dat ik oanlis hie foar fioelspyljen. Mar al gau waard it mear dan allinnich les: in opname foar Omrop Fryslân, it Frysk Jeugdorkest, Iordens Viooldagen en it begelieden fan in grut tal koaren. Ik gong sels mei de trein nei Ljouwert foar fioelles en oefene ek mear.
werom